Kika krijt auto

14 mrt 2012 - 21:38

De Stifting Kika bestiet tsien jier en dat wurdt fierd mei in feiling fan âlde auto's. It giet om acht auto's út it hiele lân dy't meielkoar inkele tonnen opbringe moatte. Dat bedrach wurdt skonken oan ynstellings dy't bern mei kanker behannelje.

Ien fan de organisaasjes dy't meidocht is SC Hearrenfean. Mei inkele oare bedriuwen hawwe se in Folkswein Beetle kocht, neisjoen en opknapt. Woansdei is de kleurige wein oanbean oan Kika dy't him ynbringt op de feiling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)