Kijlstra krijt 4 nije ambulânses

24 des 2004 - 14:05

Kijlstra ambulânsegroep Fryslân krijt fjouwer nije ambulânses mei ekstra ferljochting rûnom. It giet om saneamde LED-ferljochting dy't ek oerdeis goed opfalt. Dêrtroch kinne de ambulânses feiliger ride.

De nije oanwinsten binne boud troch Visser yn Ljouwert. Freed wurdt de earste oerlange oan Kijlstra. It bedriuw rydt mei 16 ambulânses yn Fryslân. De fjouwer nije ambulânses kostje it bedriuw in heal miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)