Kij út jarrekolk takele

02 mrt 2013 - 11:26
  • De brânwacht teakele de kij ien foar ien út de jarrekolk

De brânwacht hat freedtenacht by in pleats yn Gerkeskleaster trije kij út de jarrekolk takele. De kij fan in feehâlder oan it Sarabos wiene út de stâl ûntsnapt en by in nachtlike kuier yn de iepen jarrekolk bedarre.

Omdat it foar de boer hast ûnmooglik is om de swiere kij hjir sels wer út te krijen waard in berop dien op de brânwacht fan Gryptsjerk. Dy helle de kij mei help fan in lytse shovel ien foar ien út de jarreput. De bisten kamen mei de skrik frij en koene nei in dûs wer werom nei it waarme bûthús.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)