Kij troch flier sakke

19 jul 2004 - 10:02

Sechtjin kij binne sneontejûn troch de flier fan in pleats yn Kolderwâlde sakke en yn de jarrekelder terjochte kaam. De brânwacht hat hast fiif oeren wurk hân om de bisten derút te heljen. Dêrby waard ûnder oare de help fan in leanbedriuw ynroppen.

De bisten binne mei in kraan út de jarrekelder teakele. Net ien fan de kij is ferwûne rekke. It is noch net dúdlik hoe't de flier ynsakje koe. Mooglik hat it te krijen mei de grutte protten rein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)