Kij sakje troch flier: ien dea

12 nov 2009 - 16:24
  • Foar dizze ko kaam de help te let (foto's: Jaring Rispens)
  • De brânwacht besiket de oare ko te rêden

By in pleats yn Warkum binne tongersdei twa kij troch de flier sakke. Ien ko hat it ûngemak net oerlibbe, it bist bleau mei de kop tusken de spilen fan it stek hingjen.

De oare ko is yn de jarrekolk fallen. De jarrekolk is leechpompt om it bist te rêden. It bist is dêr mei help fan in trekker út helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)