"Kij mishannele by transport"

30 aug 2007 - 22:06

Twa Fryske bedriuwen soene bisten slim mishannele ha by in transport nei Ruslân. Dat seit de stifting Dier En Recht. Dy hat der oanjefte fan dien by de Algemene Inspectie Dienst, de AID.

Biste-aktivisten folgen it transport yn febrewaris en ûntdutsen de mishanneling. De kij koene net op 'e tiid rêste en se krigen hast gjin iten en drinken. De belutsen bedriuwen ûntkenne de mishanneling. De AID ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)