Kij ferwûne by transport

16 okt 2012 - 09:58
  • Jongfee

Twa kij binne moandei ferwûne rekke, doe't de flier fan de karre dêr't se yn stienen it bejoech. In boer út 'e Grinzer Pein wie mei de bisten ûnderweis by Oerterp. Yn de karre stiene seis kij. Troch har gewicht knapte ien fan de planken. Twa kij kamen dêrtroch mei de poaten op 'e dyk terjochte. Neidat de karre makke wie koe it transport fierder. Hoe slim de kij ferwûne rekke binne is net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)