Kij bûten goed tsjin kanker

29 maaie 2004 - 00:00

Kij dy't bûten rinne, produsearje sûnere molke as kij dy't op stâl steane. Wat troch biologyske boeren altyd al sein waard, is no nei fjouwer jier wittenskiplik ûndersyk fêststeld.

Ut in stúdzje fan de Lânbou-universiteit fan Wageningen docht bliken dat kij yn 'e greide bygelyks mear 'rumensoer' oanmeitsje. Dy stof soe kanker ûnderdrukke. Rumensoer kin ek troch grûnstoffen yn krachtfoer binnenkrigen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)