"Kij binne krekt minsken, jo moatte se goed oanpakke"

04 nov 2015 - 18:13

Ald-ynseminator Hein Zijlstra fan Dronryp is net sa ûnder de yndruk fan it nijs dat kij hieltyd agressiver wurde. RTV Drenthe melde moandei dat hieltyd faker kij de bonken brekke fan ynseminatoaren. Troch de grutte stâlen hawwe de kij alle romte.

Zijlstra hat 50 jier ûnderfining en hy sjocht amper feroaring. "Kij binne krekt minsken. Krekt as by minsken is ek by kij de ien dominanter as de oar. Salang't jo yn de stâl mar rêstich bliuwe en de kij fêstsette foardat jo se ynseminearje, is der hielendal neat oan 'e hân."

Neffens RTV Drenthe binne der op dit stuit fjirtich gefallen fan troch kij brutsen bonken by ynseminatoaren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)