Kiesraad: Gjin stimmen ronsele

17 mrt 2014 - 17:19
  • CDA

It CDA op It Bilt hat gjin stimmen ronsele. Mei dat oardiel komt de Kiesraad. De ried stelt al dat de partij yn de folder in 'zeer ongelukkige' tekst pleatst hat. De partij hat hûs-oan-hûs in folder ferspraat dêr't yn stiet dat minsken dy't sels net nei de stimbus komme kinne, kontakt opnimme kinne mei listlûker en wethâlder Nel Haarsma fan it CDA. In machtiging kin dan yn oerlis regele wurde, sa stiet der fierder yn de folder.

Boargemaster Krol seit dat dizze passaazje yn in griis gebiet sit fan wat noch mei.

Boargemaster Krol fynt dat der lanlik in diskusje komme moat oer it brûken fan folmachten. Nederlân is ien fan de pear lannen dêr't sa stimd wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)