Kieslist ferwikselt heit en soan

03 mrt 2006 - 10:18

Der rêstet gjin seine op de listen foar de gemeenteriedsferkiezings. Waard earder de list fan de FNP yn de gemeente Smellingerlân wegere om't dy in it Frysk wie, no binne der ek problemen yn Kollumerlân. En al wer mei de list fan de FNP.

De nûmer 15 op dy list is A. Hoof. Mar dat is net de man dy't op de list stean moat. It hie syn heit wêze moatten. Soan en heit binne troch elkoar helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)