'Kies foar 3 goeie festivals'

06 sep 2004 - 10:00

Ljouwert kin better kieze foar trije goeie, gruttere festivals as foar tsien lytskes. Dat sei boargemaster Dales fan Ljouwert sneon by de iepening fan 'e fotomanifestaasje Nazar yn it Frysk Museum. Moandei prate b. en w. fan Ljouwert oer de nije kultuernota.

Ljouwert moat besunigje op kultuer. Wat Dales oangiet bliuwt der wol jild foar fotomanifestaasje Noorderlicht. Dales is fierder foar flak foar in nij grut Frysk Museum op it Saailân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)