Kies docht mei oan Parys-Dakar

26 okt 2004 - 16:19

De Fryske coureur Anne Kies fan Appelskea docht de kommende winter mei oan de ferneamde woastynrally Dakar 2005, ek wol bekend as Parys-Dakar. Kies sil de wedstriid ride yn in Unimog 4x4 frachtauto. Kies is op it stuit folop yn training foar de race. Der wurdt fan him dan ek ferwachte dat hy de Senegalese haadstêd ek helje sil.

Yn it wykein fan 20 en 21 novimer sille Kies en syn team demonstraasjes jaan yn Grou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)