Kiehool bliuwt earst iepen

21 jan 2014 - 18:46
  • De houtklup yn Kiehool

Buerthûs Kiehool yn Burgum giet foarearst net ticht op 1 febrewaris. It bestjoer fan it buerthûs hie hjir mei drige omdat beropskrêft Kees Koudstaal ferdwine moast út it sintrum fan syn wurkjouwer wolwêzensorganisaasje Kearn. Tiisdei hat wethâlder Fokkema mei it bestjoer fan Kiehool en Kearn om tafel sitten.

Utkomst is dat it bestjoer mei de gebrûkers, besikers en de beropskrêft analysearje sille wat der allegear plakfynt yn Kiehool. Op basis dêrfan sil sjoen wurde wat der oan stipe fanút de beropskrêft en Kearn nedich is foar Kiehool.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)