Kieftenburg wer wrâldkampioen

19 jan 2005 - 11:03

Johan Kieftenburg (22) út Ljouwert is ferline wike wrâldkampioen linedancing wurden op it ûnderdiel country goreografy. Dêrmei hat er syn titel foar de fjirde kear ferlingd. Hy krige yn it Amerikaanse Nashville de gouden buckle útrikt.

De Nederlânske dielnimmers oan it WK linedancing binne tiisdei weromkommen út Nashville. Dêr wie ferline wike in kompetysje yn ferskate kategoryen, dêr't sawat 1500 minsken oan meidiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)