Kickboksgala mei yn Ljouwert

kickboks
kickboksgala

Yn Ljouwert mei it kickboksgala sneon yn it WTC Expo trochgean. Earder hie Amsterdam it evenemint ferbean om't it kriminelen oanlûke soe. De gemeente Ljouwert hat no gjin middels om it sportbarren te ferbieden. Wol seit boargemaster Crone oare boargemasters om alert te wêzen op eveneminten dêr't mooglik kriminelen achter sitte. Neffens kickbokstrainer Stefan Berkenpas fan kickboksskoalle Mejiro Gym yn Ljouwert hat it gala neat te krijen mei kriminaliteit.

Ljouwert sjocht tenei lykwols kritysker nei dit soarte fan eveneminten. De boargemaster sil no dit jier de feroardening oanpasse om soks ferbiede te kinnen.

(advertinsje)

See video

(advertinsje)

(advertinsje)

Reade Tried

144 is in segen:

Wat fine jo derfan?

readetried@omropfryslan.nl

antwurdapparaat: 058 7009 777

Of fol hjir it formulier yn.

Nijs NOS.nl