Kick off: 183 jonge wurkleazen

16 feb 2012 - 18:14

De manifestaasje Kick off, niemand aan de kant, luts tongersdei 183 wurkleaze jongeren nei poppoadium Romein. De gemeente Ljouwert organisearre de happening mei it doel om alle wurkleaze jongeren yn beweging te krijen nei baan of oplieding. De gemeente wie tige te sprekken oer de opkomst.

De opkomst wie lykwols net frijbliuwend. Jongeren dy't sûnder goeie reden fuortbliuwe kinne in 'giele kaart' ferwachtsje fan de sosjale tsjinst, sei wethâlder Ekhart. De measte jongeren giene wer nei hûs mei in ferfolchôfspraak foar wurk of oplieding.

Guon jongeren krigen fuortendaliks in tydlike baan oanbean troch ien fan de oanwêzige útstjoerburo's. Ek wiene ferskate helpynstânsjes oanwêzich, lykas it Ontmoetingscentrum voor jonge ouders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)