KH tidiget op stipe bedriuwen

09 sep 2013 - 12:12
  • Foarsitter Visschedijk fan de Kulturele Haadstêd

De organisaasje fan de Kulturele Haadstêd rekkenet op stevige bydragen fan it noardlike bedriuwslibben no't Ljouwert definityf keazen is ta Kulturele Haadstêd fan Europa foar it jier 2018. Dat seit foarsitter Paul Visschedijk fan Stichting Kulturele Haadstêd.

De Kulturele Haadstêd waard oant no ta foaral droegen troch de kulturele sektor. Visschedijk wol no it bedriuwslibben der aktyf by belûke. De stichting sil dêrfoar alle 450 eksportearjende bedriuwen yn Fryslân, Grinslân en Drinte benaderje.

De Kulturele Haadstêd sil ek de dialooch oangean mei de twa ferliezende finalisten fan ôfrûne freed, om te sjen oft mei harren gearwurke wurde kin. Yn it bidbook fan de Kulturele Haadstêd stean ek stevige ekonomyske ambysjes. It projekt Kulturele Haadstêd soe tusken de 7.000 en 9.000 nije banen opsmite moatte en 25 nije bedriuwen. Boppedat soe it tal studinten oan de trije Ljouwerter hegeskoallen tanimme moatte. Yn 2019 mei de Stichting Kulturele Haadstêd op dy ambysjes ôfrekkene wurde, sa seit Visschedijk.

De stichting wol it kommende healjier brûke om de eigen organisaasje klear te meitsjen foar de kommende fiif jier. Om te begjinnen sil der mei in iepen proseduere socht wurde om in nije direkteur. It kontrakt fan de âlde direkteur, Oeds Westerhof, rûn it ôfrûne wykein ôf. Wat Visschedijk oangiet is Westerhof wol 'in goede kandidaat' foar de posysje fan direkteur.

Kulturele Haadstêd Ljouwert sil njonken Fryske en noardlike sponsors ek in pear grutte lanlike bedriuwen as sponsor binnenhelje. Dat ferwachtet Siem Jansen fan de sponsorgroep fan de Kulturele Haadstêd. Jansen is âld-foarsitter fan de Kulturele Haadstêd en direkteur fan de Noordelijke Ontwikkelingsmaatschappij. Hy miste ôfrune freed it feestje op it Gouverneursplein yn Ljouwert, omdat er op it galafeest wêze moast fan wurkjouwersferiening VNO/NVW yn Grins. Mar ek dêr wie Kulturele Haadstêd Ljouwert it praat fan de dei. Jansen is 'in gelokkich minsk' no't Ljouwert wûn hat, sa seit er. Hy bliuwt by de Kulturele Haadstêd belutsen as frijwilliger en lid fan de sponsorgroep.

De Keninklike Horeca Fryslân hat in konvenant sletten mei de Kulturele Haadstêd mei as doel om sa goed mooglik op te arbeidzjen yn de oanrin nei 2018. Foarsitter Corné van de Erve fan de ôfdieling Fryslân fan de Keninklike Horeca grutte ferwachtings fan it evenemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)