KH sil Cambuur-shirts útdiele

06 maaie 2013 - 14:17
  • it kampioeneshirt

Der wurde moandeitejûn fergese kampioeneshirts útdield op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert, by de huldiging fan Sportklup Cambuur. It giet om 3500 t-shirts, dy't foar de earste besikers binne dy't har melde op it plein.

It giet om in stunt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. De Cambuur-t-shirts binne in ûntwerp fan de Ljouwerter keunstner Wytse Sterk. As de helte fan de minsken dy't in shirt krije wite dat it fan de KH komt, dan hat de Kulturele Haadstêd der wer 2.000 ambassadeurs by, sa is de redenaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)