KH 2018: Tsjerken as túnhuzen

15 mrt 2012 - 17:11

Kreative jongeren hawwe tongersdei plannen foarlein foar Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Sa soene de tsjerken yn doarpen en stêden bygelyks brûkt wurde kinne as túnhuzen. De presintaasje wie yn de eardere finzenis Blokhúspoarte yn Ljouwert.

De ideeën moatte derfoar soargje dat Ljouwert it wint fan Maastricht, Utrecht, Den Haag en Eindhoven. Op 30 maart moat der in projektplan by de gemeenteried lizze. Dat hat boargemaster Crone tiisdei meidield. Yn oktober wurde de definitive plannen troch in Europeeske sjuery beoardiele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)