KH 2018: giet Ljouwert troch?

30 nov 2012 - 06:20

Yn Amsterdam wurdt freedtemiddei bekend makke oft Ljouwert trochgiet yn de striid om Kulturiele Haadstêd fan Europa te wurden yn 2018. Njonken Ljouwert binne Den Haach, Eindhoven, Maastricht en Utrecht yn de race. De stêden ha ein oktober allegear in bidbook mei har plannen ynlevere. In saakkundige sjuery mei fertsjinwurdigers út it Europeeske en Nederlânske kulturiele fjild makket freedtemiddei in shortlist fan twa stêden bekend. Ein takom jier wurdt dan ien fan dy twa foardroegen oan de minister fan Kultuer.

In delegaasje út Fryslân is der freedtemiddei by yn Amsterdam. Tagelyk wurdt yn de Blokhuispoort yn Ljouwert live meisjoen nei de bekendmakking.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)