KfK dwaande mei 23 temareizen

10 nov 2012 - 12:03
  • De Alvestêdetocht kin mear bûtenlânske toeristen lûke, tinkt de KfK

De Keamer fan Keaphannel hat 23 temareizen ûntwikkele dy't bûtenlânske toeristen ferliede moatte om in koarte fakânsje troch te bringen yn Fryslân. It giet dan om tema's as 'Eleven cities tour' (Alvestêdetocht), Island Hopping, Discover the Waddensea en See to sand.

De Keamer fan Keaphannel wol sa ûndernimmers hânfetten jaan om yn oparbeidzjen mei oaren ek echt bûtenlanners fia fleanfjild Eelde nei Fryslân te heljen. It is dan wol belangryk om ynformaasje oan te bieden yn talen as Frânsk, Italiaansk, Spaansk en Russysk, sa seit de KvK.

It projekt mei de temareizen giet no de folgjende faze yn. Nei it ûntwikkeljen fan de ideeën en tema's moatte no ek echt mear bûtenlânske toeristen nei Fryslân helle wurde, mei help fan de nije goedkeape fleanferbinings nei Eelde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)