KfdK yn Hannover: "Ik ha noch noait safolle plysje sjoen"

17 nov 2015 - 21:28

Kommissaris fan de Kening yn Fryslân John Jorritsma wie oanwêzich yn it stadion yn Hannover doe't it ûntromme waard. Hy soe nei de fuotbalwedstryd Dútslân-Nederlân op útnoeging fan de minister presidint fan Niedersaksen. Jorritsma is in pear dagen yn Dútslân foar syn wurk. De fuotbalwedstryd wie in leuk útstapke. 'Ik ha noch noait safolle plysje bymekoar sjoen", seit Jorritsma.

Hy wie krekt binnen foar it iten doe't eltsenien wer nei bûten moast. Der wie neffens him gjin panyk. Hy sit yntusken wer feilich yn syn hotel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)