KfdK John Jorritsma: "Dit komt binnen, dit rekket jo hert"

24 sep 2015 - 16:57
  • Boargemaster Tjeerd Van der Zwan fan It Hearrenfean mei KfdK John Jorritsma

"Dit komt binnen, dit rekket jo hert." Dat seit kommissaris fan de Kening John Jorritsma by syn besite oan de krisisneedopfang op It Hearrenfean. Jorritsma slút net út dat der njonken It Hearrenfean, Harns en Ljouwert noch mear needopfangplakken foar asylsikers yn Fryslân komme sille.

Op It Hearrenfean komme tongersdeitemiddei 200 flechtlingen oan. Se komme út Syrië, mar ek út Afganistan en Eritreä. De asylsikers binne ûnderweis fanút Maassluis.

Kommissaris Jorritsma seit dat de provinsje wêr nedich helpe wol. It earste foech foar de opfang fan asylsikers leit by de gemeenten, it COA en it Ryk. Jorritsma is bot te sprekken oer de gemeenten en frijwilligers dy't de krisisneedopfang no fersoargje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)