Kevin van Veen út foarsoarch fan it fjild helle

01 feb 2016 - 15:00
  • De blessearre Kevin van Veen wurdt wiksele

De nije oanwinst fan Cambuur, oanfaller Kevin van Veen, is yn syn earste wedstriid út foarsoarch fan it fjild helle. Van Veen makke moandeitemiddei syn debút by Jong Cambuur, mar moast al yn de earste helte fan it fjild ôf. De klup makke bekend dat Van Veen net blessearre is.

Cambuur hie krekt bekend makke dat Kevin van Veen foar de rest fan it seizoen hierd wurdt fan it Ingelske Scunthorpe United. Hij wurdt sjoen as de opfolger fan Bartholomew Ogbeche, dy't ferline wike oerstapte nei Willem II.

ong Cambuur ferlear de oefenwedstriid tsjin Jong AZ mei 2-0. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)