Kévin Diaz mooglik nei Cambuur

12 maaie 2009 - 10:18

Sportklup Cambuur hat oanfaller Kévin Diaz fan FC Eindhoven in oanbieding dien. De 26-jierrige Frânsman kin in kontrakt tekenje foar twa jier. Mei de komst fan Diaz soe de oanfalsliny foar takom jier rûn wêze. De oanfaller begûn yn Nederlân syn karriêre yn 2006 by RBC Roosendaal. De ôfrûne twa seizoenen spile hy foar Eindhoven.

Yn it ôfrûne seizoen begûn hy 33 kear yn de basis en makke sân doelpunten. Twa fan dy goals makke Diaz yn de wedstriid Eindhoven-Cambuur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)