Keurmerk foar nije wenten

01 mrt 2004 - 00:00

De advyskommisje foar de wentebou yn Ljouwert wol dat nije wenten yn de gemeente tenei ûnder Woonkeur boud wurde. Dat betsjut dat de bouplannen oan ferskate kritearia foldwaan moatte op it mêd fan feiligens en gaadlikens foar âlderein en handikapten.

Wenten kinne dan mei lytse oanpassings geskikt makke wurde foar ferskate doelgroepen. De advyskommisje hat in besite brocht oan de gemeente Heiloo dêr't it Woonkeur al ynfierd is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)