Keurmerk foar AB Fryslân

15 apr 2010 - 16:22

Agrarysk útstjoerburo AB Fryslân hat as earste yn Fryslân in keurmerk krigen foar de wize wêrop't it syn bûtenlânske krêften ûnderdak jout. Dat keurmerk wurdt útdield troch de brânsferiening fan útstjoerburo's.

AB Fryslân jout ûnderdak oan mear as 50 Poalen dy't wurkje yn de kassen by Berltsum. Se wenje yn in pear huzen ferdield oer it doarp. Regel is dat de huzen brânfeilich binne, dat it skjin is en dat der gjin oerlêst is foar de buert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)