Keuring kampioensskûtsje IFKS

11 aug 2009 - 11:11
  • De Jonge Jan fan Jelle Talsma

It skûtsje dat sneon de IFKS-silerij wûn, de Jonge Jan fan skipper Jelle Talsma út Warten, sil noch keurd wurde. It skûtsje hat in grutte opknapbeurt hân, mar is as iennichste net mear keurd foar de wedstriden

Dat dat no dochs noch bart hat ek te krijen mei geruchten dat de Jonge Jan folle yngripender ferboud is as dat de organisaasje tocht. De fraach dêrby is oft it skûtsje noch wol oan de regels foldocht. Mocht dat net sa wêze, dan kin Jelle Talsma syn titel kwytreitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)