Keuring foar sinneboatrace

02 jul 2010 - 15:57

Dielnimmers fan 'e Frisian Solar Challenge moasten freed de boat keure litte. De race mei boaten mei sinnepanielen is takom wike. Snein is de prolooch en moandei begjint de echte wedstriid yn etappes. Alle dagen farren de dielnimmers in stik fan 'e Alvestêderûte.

Studinten fan universiteiten yn binnen- en bûtenlân dogge mei oan 'e tocht. Om in sa earlik mooglike kompetysje te krijen, moatte de boaten oan strange easken foldwaan. Sadwaande de keuring.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)