Keur wer Frysk biljertkampioen

28 feb 2005 - 11:28

Jildo Keur (48) út Ljouwert is snein yn De Bargebek yn Wikel foar de tsiende kear op rige Frysk kampioen trijebannen wurden. Yn 'e finalepartij fersloech Keur pleatslik favoryt Hylke Bandstra út Aldemardum mei 35 om 26 karamboles. Anne Hoekstra waard twadde en tredde Hylke Bandstra.

It wie Jildo Keur syn 14de titel. It kampioenskip duorre twa dagen en luts aardich wat publike belangstelling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)