Keunstwurken iepening opknappe

05 apr 2012 - 13:01

Seis bysûndere stikken út de kolleksje fan it Fries Museum binne fan 'e wike foar restauraasje nei Maastricht gien. It giet om fiif skilderijen en in 17e-ieusk keunstkabinet.

It is de twadde kear dat der keunstwurken op transport gien binne om restaurearre te wurden. Mei-inoar giet it om njoggentjin keunstwurken dy't wichtich kultureel erfguod binne. Se binne takom jier septimber te sjen yn de grutte iepeningstentoanstelling fan it nije Fries Museum. Omdat se der min oan ta binne, moatte se earst opknapt wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)