Keunstwurken feile foar goed doel

10 maaie 2015 - 16:28
  • Keunstfeiling
  • Keunstfeiling

Sawat hûndert Fryske keunstwurken wurde moandei yn Poppoadium Romein yn Ljouwert feild foar it goede doel. De opbringst giet nei de Stichting Leergeld, dy't der foar soarget dat bern út gesinnen mei in smelle beurs oan aktiviteiten meidwaan kinne. Dit wykein wiene de sjochdagen foar de feiling.

De feiling wurdt jierliks hâlden en smyt meastentiids tusken de trije- en fiiftûzen euro op. Ien fan de pronkstikken is in doek fan Hendrik Elings, mei in oaljefant derop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)