Keunstwurk by yntree Ljouwert

14 des 2012 - 16:25

Op it Oostergoplein yn Ljouwert is freedtemoarn in keunstwurk ynstallearre. It is makke troch Maarten de Reus. In kraan hat it teplak set. Takom woansdei wurdt it keunstwurk offisjeel ûntbleate troch wethâlder Isabelle Diks. Dat sil wêze om acht oere jûns. It keunstwurk stiet op de ein fan 'e Ferlingde Skrâns.

It Oostergoplein is ien fan 'e twa grutte súdlike yntrees yn Ljouwert. It plein is hielendal opnij ynrjochte mei mear rydbanen en in fytstunnel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)