Keunstwurk yn it asfalt Suwâld

02 nov 2006 - 21:42

By it sinnepontsje by Suwâld is tongersdei it twadde Fryske keunstwurk oan de farwei Lemmer-Delfsyl ûntbleate. It 70 meter lange gedicht fan Benne van der Velde mei de namme 'Gegrond' is in poëtyske oantinken oan wat west hat en wat is.

Byldzjend keunstner Erwin Adema hat it gedicht yn wite en giele letters op it asfalt oanbringe litten. 'Gegrond' is ien fan de 13 keunstprojekten dy't dit jier en takom jier realisearre wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)