Keunstwurk ûnder brêge

28 aug 2013 - 16:25

Under de Froupoartsbrêge yn Ljouwert komt yn septimber in keunstwurk fan de Ljouwerter keunstner Bonny Dijkstra te hingjen. It doek fan tsien by fiif meter is in geskink fan de keunstner oan de stêd. It wurk wurdt presintearre by it Uit! Festival op 1 septimber. Dûnsers fan Dansschool058 sille it keunstwurk fersiere troch oer it doek te dûnsjen. Organisaasje Lwd2018 betellet mei yn de materiaalkosten. It doek is oant ein maaie 2014 te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)