Keunstwurk Foekje Dillema

31 maaie 2014 - 10:25
  • Keunstwurk Foekje Dillema yn Boerum
  • Keunstwurk Foekje Dillema yn Boerum

Yn Boerum is sneon in keunstwurk ûntbleate ta neitins oan hurdrinster Foekje Dillema. Yn it wurk fan Frans Smeets is de knop fan in lotusblom te sjen as symboal dat Foekje net de kâns krigen hat om te bloeien.

Foekje Dillema wie in Nederlânsk atlete fan deselde generaasje as Fanny Blankers-Koen. Yn 1950 wie se de rapste frou fan de wrâld. Nei de oerwinning waard se skorst, omdat men twifele oft se wol in frou wie. Har wrâldrekôr is út de boeken helle. It wie in grutte trageedzje yn har libben. Se luts har werom yn Boerum en stoar yn 2007.

Der komt ek noch in twadde keunstwurk foar Dillema, makke troch keunstner Ids Willemsma. Dat keunstwurk moat in plak krije yn it park fan Museum Belvédère.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)