Keunstwurk foar 'massagrêf'

27 jun 2007 - 12:41

De gemeente Ljouwert lûkt 30.000 euro út foar in monumint op de Noorderbegraafplaats. It keunstwurk is bedoeld foar de deaden dy't eartiids op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert begroeven binne. De grêven moasten romme wurde om de parkeargaraazje mooglik te meitsjen.

De bonken fan de âld-Ljouwerters binne op passende wize op 'e nij begroeven yn in massagrêf. It keunstwurk wurdt iepenbier oanbestege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)