Keunstwurk De Pein wurdt makke

03 nov 2003 - 00:00

It skansearre keunstwurk op de brêge fan De Pein wurdt oankommende freed troch keunstner Ids Willemsma wersteld. It keunstwurk hat mei âld-en-nij ôfrûne jier brânskea oprûn. Ien fan de fjouwer dragers is troch de hjitte ûntset en begûn te rustkjen.

Nei ferwachting is Willemsma sa'n 3 oeren dwaande. Faaks moat de brêge in skoftke ôfsletten wurde fanwege in kraan mei in heechwurker. De kosten wurde troch de gemeente betelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)