Keunststofiisbaan yn Grou

17 nov 2007 - 11:47

Grou krijt dizze winter in iisbaan fan keunststof. De baan wurdt sawat 200 fjouwerkante meter grut. Yn in perioade fan twa oant trije moanne kin der reedriden wurde.

De ûndernimmersclub is de motor achter de nije winterattraksje. Doel is bewenners en toeristen yn it wettersportdoarp wat te bieden yn wintertiid. De iisbaan is makke fan in soart glêd keunststof. Hy wurdt makke troch it bedriuw Glice International.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)