Keunststofbrêge oer Turfrûte

07 okt 2008 - 14:27

Easterwâlde krijt in ûnderhâldsfreonlike brêge oer de Turfrûte. De besteande brêge wurdt ferfongen troch in brêge dy´t foar in part fan keunststof makke is. Dêr hoecht net in soad ûnderhâld oan dien te wurden. Boppedat is it materiaal licht. Der is dêrtroch gjin swiere draachkonstruksje nedich.

De brêge is in ûntwerp fan yngenieursburo Witteveen en Bos en arsjitekteburo Vegter. De bou fan ´e brêge begjint yn juny 2009.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)