Keunstprojekt Skier is klear

01 sep 2000 - 11:27

It keunstprojekt fan de beide Fryske keunstners Dirk Hakze en Theo Cazjmir op it strân fan Skiermûntseach is sa goed as klear. It duo hat de ôfrûne moannen mear as 500 skilderijen makke dy't útstald binne op grutte skilderpanelen op peallen.

It doel wie om 1000 skilderijen te meitsjen, mar dat is net slagge. De skilderijen wurde goed ferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)