Keunstobjekt ticht foar publyk

19 okt 2009 - 13:53

It keunstobjekt de Corridor fan de tentoanstelling Homo Ludens yn Aqua Zoo yn Ljouwert is ôfsletten foar it publyk fanwege in fout yn de konstruksje. Dêrtroch reitsje boutsjes los. Dat kin gefaarlike situaasjes opsmite. It keunswurk is no ôfset mei linten.

De beamtoer wie ôfrûne wykein ek net altyd iepen, omdat tafersjoch nedich is. Yn de hjerstfakânsje is dat tafersjoch der wol alle dagen. Eksposysje Homo Ludens is freed iepene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)