Keunstners lilk fanwege hierferdûbeling yn âlde skoallen

30 mrt 2016 - 15:56
  • Atelier

De keunstners fan Floris Verster Ateliers yn Ljouwert binne lilk op anty-kreak-behearder Carex. Dy hat in absurde hierferheging oankundige, fine se.

De keunstners sitte no seis jier yn de eardere kristlike technyske skoalle oan de Cornelis Trooststrjitte en de legere skoalle oan de Floris Versterstrjitte. Se hawwe dêr ateliers en in eksposysjeromte. Se wolle dêr in permanint keunstsintrum realisearje. De gemeente Ljouwert stipet harren dêryn. Mar dat kin net trochgean as Carex oan de hierferheging fêsthâldt.

Foar de hier fan de ateliers betelje de keunstners no in symboalysk bedrach oan Carex. De hier wurdt folle heger en dêr binne de keunstners lilk om. Carex fynt de ûntwikkeling sneu foar de keunstners, mar neamt de hierferheging in logysk gefolch fan in ferheging fan de kosten.

Keunstner Jaap Ket, dy't yn it eardere Theater Romein in atelier/eksposysjeromte fan Carex hiert, waard ek konfrontearre mei in ferdûbeling fan de hier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)