Keunstner Sies Bleeker stoarn

07 maaie 2014 - 10:21
  • Sies Bleeker

De Fryske keunstner Sies Bleeker is ôfrûne moandei op It Hearrenfean ferstoarn. Hy wie al in skoft slim siik. Bleeker waard mei keunstners as Willem van Althuis, Boele Bregman en Sjoerd de Vries rekkene ta de saneamde 'Heerenveense school'. Yn de jierren santich lei de keunstner him hieltyd mear ta op de abstrakte en minimalistyske keunst en eksposearre yn binnen- en bûtenlân. Bleeker wie benammen bekend fanwege syn grutte kennis fan de Fryske keunst en keunstners. Hy waard gauris frege as gastdosint en gastkonservator. Hy is 72 jier wurden.

As gastkonservator wie er ûnder oare ferantwurdlik foar it 'opskjinjen' fan de provinsjale keunstkolleksje en de keunstynrjochting fan it nije provinsjehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)