Keunstner Jan Murk de Vries ferstoarn

12 maaie 2015 - 11:34
  • Byld fan Jan Murk de Vries yn Harns

De Fryske byldzjend keunstner Jan Murk de Vries is sneon yn syn wenplak Harns ferstoarn. De Vries is benammen bekend om syn monumintale keunst en muorreskilderingen yn skoallen en oare gebouwen, lykas âldereintehûs Nijlânstate yn Ljouwert. Hy makke ek in soad gûasjes, tekeningen en byldzjend wurk mei hout en glês. Ien fan syn bekendste wurken binne de akrylaatruten yn it stiltesintrum op Skiphol.

De Vries hat jierrenlang in atelier hân yn Furdgum. Jan Murk de Vries is 95 jier wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)