Keunstner helpt tsjerke Wier

29 sep 2009 - 17:13
  • Keunstner Elia brûkt tsjerke as atelier

Keunstner Douwe Elias út Frjentsjer sil helpe om de tsjerke fan Wier te behâlden. De keunstskilder mei de 800 jier âlde tsjerke brûke as atelier. Dêr stiet foaroer dat er dan as in soarte fan promoasje-artikel brûkt wurdt yn de syktocht nei in miljoen euro foar de renovaasje. Earder besocht de stichting Alde Fryske Tsjerken mei it televyzjeprogramma De Renovatie de takomst feilich te stellen. No wurdt Elias it spearpunt yn de kampanje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)