Keunstner Harmen Abma stoarn

03 des 2007 - 14:26
  • Harmen Abma

Byldzjend keunstner Harmen Abma fan Boalsert is freed ferstoarn. Hy wie 70 jier. Abma waard yn 1937 berne yn Hilaard. Hy makke abstrakte keunst yn in byldzjende taal.

It monumint út 1969 foar radiopionier Idzerda yn Weidum is in bekend wurk fan him. It byld wie ien fan de earste abstrakte keunstwurken fan Fryslân. Letter wurke Abma in soad mei materialen as tou, golfplaten en elektrisiteitstried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)