Keunstner Aukjes wurdt betanke

07 jul 2010 - 14:25
  • It byld yn Ljouwert

De boargemasters fan de alve stêden sette Evert_van_Hemert tongersdei yn it sintsje. Se betankje de keunstner foar syn bylden dy't er skonken hat.

Yn 2007 binne se pleatst oan de rûte fan de tocht. Hy neamt de bylden reedridende Aukjes. Se binne ferneamd nei Van Hemert syn buorfrou Aukje. Se wiisde yn blomkesjurk en op sloffen mei in fakkel de riders it paad. De Aukjes hawwe sa'n bytsje allegear itselde postuer, mar elk byld hat wol in eigen útstrieling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)