Keunstner alles kwyt yn Waalre

27 jul 2012 - 19:43
  • Ien fan de wurken van Van der Ploeg

De brân yn it gemeentehûs fan Waalre is desastreus útpakt foar de 24 aldermoaiste skilderijen fan Fries om utens Ria van der Ploeg. Har skilderijen hongen yn it gemeentehûs yn ferbân mei in eksposysje. Se binne allegear ferlern gongen.

Van der Ploeg is ôfkomstich fan Dronryp en hie mear as 20 jier oan de kolleksje wurke. Sy skat yn dat it jierren duorret foardat sy wer genôch skilderijen hat om wer eksposearje te kinnen. De eksposysje hie op it momint fan de brân al dien wêze sild, mar wie op spesjaal fersyk fan de gemeente ferlingd.

Van der Ploeg brûkt in hiele aparte technyk foar har skilderijen. Sy brûkt gjin kwasten, mar skildersroltsjes om de ferve op te bringen. Sy kaam yn oanrekking mei dy technyk troch in kursus by Doet Boersma yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)